Gerrit Breteler

Fryske neimiddei yn'e Riedseal

Muzikale en artistike tûzenpoat Gerrit Breteler fan Nes komt nei it Hûs fan de Gemeente yn Bûtenpost.

Hy is in opfallende en soad frege sjonger en folksartyst yn ús provinsje. Uteinset mei syn leafde foar de Ierske muzyk rûn syn muzikale paad lâns bands as Kneppelfreed, The Hones en Fling mei solo-optredens mei pianobegelieding. Gerrit skriuwt syn eigen lieten, yn it Hollânsk en Frysk, oer saken fan it Fryske plattelân dy’t hy wichtich fynt. Syn bekendste nûmer is wol “Lit ús dêrom drinke”, in liet skreaun oer syn heit. “Op een dag” stiet al jierren heech yn de Fryske Top 100. Gerrit Breteler komt nei Bûtenpost mei pianist Peter van der Zwaag.

 

Snein 25 maart 2018

 

It begjint om 15.30 oere yn de riedseal Gemeentehûs Bûtenpost

Foarferkeap € 12,00 / Oan de seal € 13,00